Ekstra rie oer ôffaloven

02 maaie 2011 - 12:40

Omrin hie melde moatten dat by it testen fan de ôffaloven yn Harns te folle swaveldioksine út de piip kaam is. Dat jout it bedriuw sels ta. De partijen SP en Frisse Wind fan Harns wolle dat der iepenheid komt oer wat doe krekt bard is. De partijen hawwe om in ekstra riedsgearkomste frege. Dy komt der op 11 maaie. Op 7 april kaam der in giele wolk mei swaveldioksine út de piip. In kraanmasinist hat dêr foto's fan makke. Hy hie lêst fan de reek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)