Fjochterij by Hearrenfean-Ajax

De plysje hat sneintemiddei acht minsken oanhâlden by de fuotbalwedstriid tusken SC Hearrenfean en Ajax. De fertochten binne oppakt foar ûnder oare mislediging, mishanneling en it opstokeljen fan oaren. Supporters fan beide klups woene inoar klappen jaan. Stewards en plysjemisken moasten it dêrby ferskate kearen belije.
Seis fan de acht oanhâlden supporters binne Hearrenfeanfans.