Fjurkestoke tsjin ferbod yn

02 maaie 2011 - 10:39

Twa jongeren hawwe sneintejûn in bekeuring krige foar it skeinen fan it stook- en smookferbod yn de gemeente Opsterlân. De plysje krige in melding fan in brân op de sânflakte by de bosken oan de Mjumster Wei by Bakkefean. Doe't de aginten dêr oankamen, wiene de fertochten der ek noch.

De jongeren hiene tûken oanstutsen. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)