Swiere mishanneling op Weaze

De plysje hat sneintejûn let op De Weaze in Ljouwerter (32) oppakt foar swiere mishanneling. Nei in melding dat ien net goed wurden wie, seach de plysje in oare Ljouwerter (68) op de grûn lizzen. Hy wie út de tiid. Fuort dêrnei kaam de 32-jierrige deroan. Hy sei dat er mei it slachtoffer fochten hie. De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.
It slachtoffer is oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Wat de oanlieding wie foar de fjochterij is ûndúdlik.