Duo oppakt foar wapenbesit

02 maaie 2011 - 09:52

In 19-jierrige man en in 23-jierrige frou út De Lemmer binne sneon oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man waard socht om't er noch in straf útsitte moast. De plysje tocht dat de man yn 'e hûs wie en is dêrom troch de tún nei it hûs ta gien. Yn in hokje yn de tún seagen se in fjoerwapen lizzen.

Nei ûndersyk die bliken dat it wapen in baltsjespistoal is dat krekt in echt fjoerwapen liket. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)