Hijum-Feinsum wint yn Weidum

Foto: Omrop Fryslân
De earste ôfdielingskrânsen fan 2011 binne wûn troch it pertoer fan Hijum-Feinsum mei René Jan Olijnsma, Martijn Olijnsma en Marten Feenstra. Yn de finale fan de Bangmapartij wie it mei 5-3 te sterk foar Minnertsgea.
Lykas altyd begûn it keatsseizoen snein mei de Bangmapartij yn Weidum. Op de list stiene 35 ôfdielings. De froulju keatsten de earste frijeformaasjepartij yn Huzum. Krânsen wiene der foar it partoer fan opslagger Margriet Koelmans.