Degradaasje tichtby foar FVC

Foto: Omrop Fryslân
It degradaasjespoek is snein delstrutsen by FVC. Yn de haadklasse C waard mei 3-1 ferlern fan Babberich, wylst konkurint Snits Wyt Swart wûn mei 3-0 fan Rheden. Yn punten kin FVC noch lyk komme mei de Snitsers, sadat der promoasje- en degraasjeduels spile wurde, mar Snits WS hat mei noch twa wedstriden te gean in better doelsaldo.
De treffer by FVC wie fan Rick Jansma en by Snits WS skoarden Huitema en Schotanus twa kear.