Seizoen dien foar Hearrenfean

01 maaie 2011 - 16:29

Like der noch in lyts kânske te wêzen foar de play-offs, nei it 2-1 ferlies fan Sportklup Hearrenfean tsjin Ajax is der foar de ploech fan Ron Jans neat mear te heljen. Ajax moast snein yn it Abe Lenstra-stadion winne om mei te dwaan foar de titel. De besikers troffen in motivearre Hearrenfean. De hiele wedstriid wiene der kânsen foar beide teams.

Väyrynen iepene op prachtige wize de skoare, mar Sulejmani makke drekt de lykmakker. Eriksen makke de 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)