Swiere mishanneling yn Snits

01 maaie 2011 - 11:16

De plysje fertinkt in Snitser (25) fan swiere mishanneling. De man soe sneontenacht yn syn wenplak in ynwenner (19) fan Burgum te pakken hân hawwe. Dy rekke dêrtroch út 'e tiid en moast ferwûne oerbrocht wurde nei it sikehûs.

De Snitser koe oanhâlden wurde omdat tsjûgen in goed sinjalemint fan him jaan koene. Hy is meinaam nei it buro en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)