Fryske Cash op Omroplive.nl

Fan snein 1 maaie ôf dûkt in groep Fryske artysten de studio yn om Fryske oersettings fan Johnny Cash-nûmers yn te sjongen. De opnamen binne live te folgjen op www.omroplive.nl, de ynternetstjoerder fan Omrop Fryslân. De Amerikaanske muzykleginde Johnny Cash is benammen bekend as country- artyst. Twa Fryske Cash-fans, Klaas Land en Jacco de Boer, kamen op it idee foar in Frysk Cashprojekt. De kommende twa wike sjonge Fryske muzikanten harren nûmers yn.