Lieuwe Westra 3e yn tiidrit

30 apr 2011 - 18:19
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is tredde wurden yn de tweintich kilometer lange tiidrit yn de Ronde fan Romandië. De winst wie foar David Zabriskie, Westra wie mar 14 sekonden stadiger. Hy stiet no 22e.

Pieter Weening ried in deeglike tiidrit (33e). Hy ferlear 1.27 op de winner, mar klimt yn it klassemint nei it sechsde plak. De nije lieder is de Australiër Cadel Evans. Evans waard achtste yn de rit tsjin de klok. Weening hat in achterstân fan 51 sekonden yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)