Drankrider pakt yn Noardwâlde

30 apr 2011 - 14:13

De plysje hat yn Noardwâlde it rydbewiis ynnaam fan in 25-jierrige ynwenner fan dat doarp. De man waard betrape doe't er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Foar de oanhâlding wie wol in achterfolging nedich, omdat de man neidat er in stopteken krige rinnend útnaaide. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Ek it rydbewiis fan in 32-jierrige snorfytser út Ljouwert is ynnaam, omdat er betrape waard mei tefolle drank op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)