De Vries: Tryater net skrasse

30 apr 2011 - 13:12

Deputearre Jannewietske de Vries fan kultuer fynt it ûnbegryplik dat Tryater út de basisynfrastruktuer fan teaterselskippen yn ús lân helle wurdt, sa't de Raad voor Cultuur foarstelt. De Vries sil mei steatssiktaris Zijlstra yn petear om te besykjen Tryater yn dy basisstruktuer te hâlden.

'Tryater presteart goed en moat foar Fryslân behâlden bliuwe' is har reaksje op it advys fan de Raad voor Cultuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)