Minder jild yn Waadfûns

Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân krije de kommende 15 jier definityf 75 miljoen euro minder te besteegjen foar projekten yn it Waadfûns. De koarting komt del op jierliks 5 miljoen euro. Yn stee fan jierliks 33 miljoen kinne de provinsjes no 28 miljoen yn it jier útjaan.
Minister Schulz van Haegen komt mei de koarting omdat it ryk troch de mindere ekonomyske sitewaasje besunigje moat. Yn totaal sit der yn it Waadfûns sa'n 800 miljoen euro.