Undersyk nei kust fan Hylpen

Hylpen oan de Iselmar
Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea ûndersykje de kommende moannen hoe't de kust fan Hylpen sterker wurde kin. Yn de haven en foar de kust komme hieltyd mear sânbanken foar en dat is gefaarlik foar boaten en wettersporters. Dy kinne tsjin de sânbanken op farre.
Dêrneist kin it op termyn gefaarlik wurde foar swimmers, want de sânbanken wurde hieltyd grutter. De ûndersikers hoopje noch foar de simmer mei in oplossing te kommen.