Cambuur wint yn Maastricht

29 apr 2011 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freedtejûn goede saken dien troch MVV yn Maastricht mei 3-1 te ferslaan. Yn de earste helte krige de thúsploech de bêste kânsen, mar it bleau 0-0. Mark de Vries bruts nei in moaie oanfal yn de 63e minút de skoare iepen. Fiif minuten letter wie it al 2-0 foar de Ljouwerters troch Bob Schepers. In omstriden pennel fan Tom Daemen brocht de spanning werom, mar Oguzhan Türk makke mei in prachtskot dien wurk.

Cambuur is no wis fan de neikompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)