Pieter Weening yn top tsien

29 apr 2011 - 20:58

Hurdfytser Pieter Weening stiet ek nei de tredde etappe fan de Ronde fan Romandië op it njoggende plak yn it algemien klassemint. De etappe fan Thierrens nei Neuchatel oer 165.7km waard wûn troch Alexandre Vinokourov. Pieter Weening en ek Lieuwe Westra einigen yn it peloton. Westra besocht yn de lêste fiif kilometer noch út te naaien, mar dat aventoer mislearre.

De Rus Pavel Brutt bliuwt lieder, Weening hat 51 sekonden achterstân, Westra is 37e op 2.55.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)