Tsjerke-ynbrekker oppakt

29 apr 2011 - 16:04

De man dy't yn de nacht fan tongersdei op freed yn de Betheltsjerke yn Drachten ynbrutsen hie, is troch de plysje oanhâlden. It giet om in Ljouwerter. Hy is yn syn eigen wenplak oanhâlden.

De man waard trapearre doe't er yn de tsjerke ynbruts. De bút, twa tassen mei kompjûterapparatuer, liet er lizze. Syn auto liet er ek stean. Sa koe de plysje de man frij gau te pakken krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)