Bouwmeester einiget as 9e

29 apr 2011 - 15:50
  • Roelof Bouwmeester (foto: Richard Langdon)

Siler Roelof Bouwmeester is as njoggende einige by de wrâldbekerwedstriid yn it Frânske Hyères. Foar de medalrace stie er al op dat plak yn de Laserklasse en yn de race sels einige er ek as njoggende.

Bouwmeester kin weromsjen op in knappe wrâldbekerwedstriid. Sa waard er in kear twadde en twa kear tredde. Syn suste Marit Bouwmeester hie minder súkses. Se begûn noch wol goed, mar sakke geandewei fuort wêrtroch't se har net pleatste foar de medalrace.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)