Goed jier, mar wol besunigje

29 apr 2011 - 15:03

De gemeente Smellingerlân hat oer 2010 in posityf resultaat fan 4,5 miljoen euro behelle. Dat stiet yn it jierferslach. De foardielen sieten him yn de goedkeaper útfallende renovaasje fan 'e Headamsbrêge by Aldegea. Boppedat foel it bedrach oan ryksjild út it gemeentefûns heger út. Mar dat binne wol ienmalige foardielen, sa skriuwt de gemeente.

Likegoed moat der fjouwer miljoen euro besunige wurde. Dat komt ek trochdat der mear minsken yn 'e bystân sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)