Underdûkster werom by skûlplak

In Joadske ûnderdûkster hat bern fan de basisskoalle De Stapstien yn Nijemardum ferteld oer de oarloch. Ineke Verduin is no 78 jier en se wennet yn Almere. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet se beskûl yn Nijemardum. As de soldaten op syk giene nei Joaden, flechte se nei de grutte toer yn it doarp.
Der wie ek noch in spesjale gearkomste by it oarlochsmonumint yn it doarp. Dêr waarden gedichten foarlêzen, blommen dellein en it folskliet songen.