Fryske plaknammen rûteplanner

29 apr 2011 - 14:06

Op de fytsrûteplanner fan it Fytsersbûn kin tenei ek socht wurde op Fryske plaknammen. De rûteplanner bestiet no trije jier. Hy is ûnderdiel fan 'e lanlike rûteplanner dy't noch yn ûntwikkeling is.

Op 't heden wurdt der wurke oan de rûteplanner foar Seelân, Noard-Brabân en Limburch. Dêrnei is Grinslân oan bar. Dêrmei hat de rûteplanner lanlike dekking. Frijwilligers kinne ynformaasje trochjaan foar de fytsrûteplanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)