Babbeltrúk: frou bestellen

29 apr 2011 - 12:43

In frou fan 81 jier út Ljouwert is tongersdei mei in babbeltrúk de beurs ûntstellen. Mei ien fan har bankpaskes binne boadskippen dien en is jild opnaam.

In 25-jierrige frou mei wyt hier hie by it slachtoffer oanbelle. Se hie frege om in gleske wetter en oft se efkes belje mocht. Doe't de jonge frou wer fuort wie, kaam it slachtoffer derachter dat se bestellen wie. De plysje warskôget om net samar ûnbekende minsken deryn te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)