Heeringa sjongt op begraffenis

29 apr 2011 - 11:33

Douwe Heeringa sjongt freed by de begraffenis fan Max van der Stoel. De âld-minister ferstoar sneon yn 'e âldens fan 86 jier. Douwe Heeringa sil by de begraffenis de Mauthausensyklus sjonge. Dat binne lieten dy't skreaun binne yn konsintraasjekamp Mauthausen.

Heeringa song de lieten earder op ferskate skoallen. Dat die er op fersyk fan ûnderwiisorganisaasje Cedin. Dy woe de learingen sa fertelle oer de oarloch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)