Jongeresite 'myn ideale bus'

29 apr 2011 - 11:12

Fryske studinten meie meitinke oer hoe't it iepenbier ferfier wêze moat. Dêrfoar is freed de webside www.mijnidealebus.nl lansearre. Dêr kinne se dúdlik meitsje wat se wichtich fine oan it iepenbier ferfier. Dat kin wêze hokker fasiliteiten in bus hawwe moat, mar ek hoe faak en wêr't in bus delride moat.

De ideeën kinne oant 18 maaie yntsjinne wurde. De provinsje nimt de ideeën mei yn de nije oanbesteging fan it busferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)