Ynbraak yn tsjerke Drachten

29 apr 2011 - 10:19

Yn in tsjerke oan De Bolder yn Drachten is tongersdeitenacht ynbrutsen. De behearder kaam de ynbrekker oer it mad neidat it alarm ôfgien wie. Doe't er sjoen wie, naaide de ynbrekker gau út.

De plysje fûn letter op de Noarderhegewei twa tassen mei guod dat de ynbrekker meinaam hie. It giet ûnder oare om kompjûterapparatuer. Der is ek in auto yn beslach naam dy't de ynbrekker mooglik brûkt hat. De dieder sels is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)