Gjin nije megastâlen

29 apr 2011 - 07:47

Der komme foarearst gjin nije megastâlen yn Fryslân. Deputearre steaten stypje in brief fan steatssekretaris Bleker. Dy hat gemeenten frege net mei te wurkjen oan megastâlen oant it Ryk in stânpunt oer de grutte pleatsen ynnaam hat.

It giet om stâlen mei mear as 240 kij of 2500 bargen en sawol om útwreiding as nijbou. Allinnich foar de Dairy Campus yn Goutum wurdt in útsûndering makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)