Plysje siket klean ynbrekker

De plysje siket de klean fan ien fan de trije ynbrekkers dy't tiisdei oppakt binne. De 30-jierrige man út Pijnacker waard by Terkaple oanhâlden. De man hie in stellen reinpak oan mei neat derûnder. Der binne noch twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om manlju fan 27 en 28 jier út Den Haach.
Se waarden op 'e died trapearre doe't se ynbrekke woene yn in loads op 'e Jouwer dêr't ferline wike in bussjauffeur gizele waard. De plysje ûntduts dêr letter in himpkwekerij .