Aris útskeakele yn play-offs

28 apr 2011 - 21:16

De Ljouwerter basketballers fan De Friesland Aris binne útskeakele yn de play-offs. Yn Nijmegen wie de thúsploech krekt te sterk: de einstân kaam út op 86-83. Manny Adako mei 22 en Todd Brown mei 21 wiene de bêste Ljouwerter skutters.

Aris wûn de foarige wedstryd yn Ljouwert, mar de earste partij yn de "best of three" wie ek foar Nijmegen. It wie de lêste wedstriid foar Ariscoach Pete Miller dy't ôfskie nimt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)