'Passazjiers min ynformearre'

28 apr 2011 - 21:01
  • De helptsjinsten wiene gau te plak (Foto: Wytse Vellinga - Omrop Fryslân)

De ynsittenden fan de yntercity tusken Swolle en Ljouwert dy't tongersdei yn botsing kaam mei in oanhingwein binne lilk op de NS. Neffens de passazjiers waarden sy net genôch op de hichte hâlden fan wat der krekt oan de hân wie. De trein klapte om 16.00 op de oanhingwein mei dêrop twa grutte buizen en rekke derby bot skansearre. Sa bot sels dat de trein net fierder ride koe en de passazjiers der net út koene.

Goed in oere sieten se fêst sûnder dat harren ferteld waard wat der barde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)