Krusing Surhústerfean oanpakke

28 apr 2011 - 15:09

Gemeentebelangen Achtkarspelen fynt dat de gemeente gau wat dwaan moat oan de krusing fan De Dellen, de Wielewaal en De Leijen yn Surhústerfean.

Der binne gauris ûngelokken en dat komt neffens de fraksje om't de krusing net goed ynrjochte is as 30-km-sône. Dat hat ek te krijen mei de easken fan it iepenbier ferfier. De fraksje wol de bussen omride litte oer de Wielewaal en de Fazant. Dêrneist soe der yn De Dellen in drompel komme moatte om de snelheid te temperjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)