Tsjom yn ban fan sjitynsidint

28 apr 2011 - 12:20

Yn Tsjom wurdt noch in soad sprutsen oer it sjitynsidint fan peaskemoandei. De foarsitter fan de tsjerkeried skeat doe trije kear mei in gewear en dêr rekke ûnbedoeld in gemeentelid fan de tsjerke by ferwûne. Ien fan de kûgels rekke in frou yn it boarst, wylst se 900 meter fierderop yn de tún siet.

Neffens de dûmny binne ynwenners fan it doarp hjir bot fan skrokken. Woansdei wie der in gemeentejûn fan de tsjerke en dêr kaam it sjitynsidint ek oan de oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)