Ferset tsjin fúzjegemeente

28 apr 2011 - 12:08
  • De nije gemeente, sûnder Haskerdiken en Nijbrêge

Ynwenners fan Nijbrêge en Haskerdiken lizze har net del by de oergong nei Hearrenfean. De opsje om mei in juridyske proseduere de fúzje fan de Friese Meren tsjin te hâlden wurdt hieltyd serieuzer. Troch de fúzje fan Skarsterlân mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân gean de doarpen oer nei Hearrenfean.

Tongersdeitejûn prate de bewenners mei pleatslik belang Nijbrêge en Haskerdiken oer it ferfolch. Mooglik betelje se proseduere út eigen bûse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)