Ferkearskontrôle yn Goutum

28 apr 2011 - 10:41

De plysje hat woansdeitejûn en tongersdeitemoarn op de Wergeasterdyk yn Goutum in kontrôle hâlden op ferkear dat tsjin it oare ferkear yn rydt. Der binne mei-elkoar 40 boetes útdield.

Neffens de plysje besykje de bestjoerders op dizze wize de file te ûntrinnen. De doarpsbewenners steure harren dêr al jierren oan. Dêrom is ek der ek ienrjochtingsferkear ynsteld op de Wergeasterdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)