Mear winst yn 2010 foar Accell

Fytsfabryk Accell Group fan It Hearrenfean hat yn 2010 in winst makke fan 36,4 miljoen euro. Yn 2009 wie dat noch 32,7 miljoen. De omset yn 2010 wie 577,2 miljoen euro, yn 2009 wie dat noch 572,6 miljoen.
De hegere winst komt foaral út de tanimmende ferkeap fan elektryske fytsen en sportfytsen. Dat hat wer te krijen mei it moaie waar, minsken pakke dan faker de fyts. It bedriuw tinkt dat de geunstige sifers yn 2011 trochsette sille.