Wer fragen oer útstjit REC

28 apr 2011 - 09:59
  • Der is noch altiten in soad ferset tsjin de REC

De steatefraksjes fan GrienLinks en de PVV hawwe fragen steld oer de útstjit fan giele reek op 7 april troch it REC yn Harns. Troch in steuring kamen der stoffen frij. Meiwurkers fan bedriuwen neist de ôffaloven hiene der lêst fan.

Eigner Omrin hie de útstjit ek net melden. De fraksjes wolle no fan deputearre Galema hearre wat der krekt bard is. De provinsje is ferantwurdlik foar de miljeufergunning fan de oven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)