Keamer foar regeling Sahar
In mearderheid fan de Twadde Keamer wie woansdeitejûn foar de regeling dy't minister Leers betocht hat foar it Afgaanske famke Sahar út Sint Anne. Sy mei bliuwe om't se ferwesterse is.
Neffens Leers wol dat net sizze dat alle Afgaanske famkes no bliuwe meie. Alle oare famkes as Sahar wurde yndividueel beoardiele. De opposysje wie net hielendal tefreden oer de regeling, dy te dizich wêze soe.