Reis 2018 útein set

27 apr 2011 - 22:57
  • Alle ideeën op it boerd (foto Oetze Deelstra, Omrop Fryslân)

Ynwenners fan It Bilt tinke op it heden drok nei oer keunst- en kultuerprojekten om fan Fryslân kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen. Fryslân is ien fan 'e Nederlânske kandidaten om yn 2018 dy haadstêd te wurden.

Ien fan de projekten om dat te realisearjen is De Reis 2018. Mei dat projekt wurdt in doarp, wyk of regio dagenlang ûnderdompele yn keunst en kultuer. Woansdeitejûn wie yn Sint Jabik it startskot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)