Weening bêste Nederlanner

27 apr 2011 - 20:51
  • Pieter Weening (argyffoto: awfoto.nl)

Pieter Weening kaam yn de earste etappe fan de Ronde fan Romandië op it 15e plak yn de groep fan favoriten binnen. Dy groep hie in achterstân fan goed twa minuten op de Russyske winner Pavel Brutt. Dy wie al betiid yn dizze keninginnerit útnaaid mei trije oaren. It peloton kaam te let op gong. Lieuwe Westra lei goed trije minuten achter de winner en nije klassemintslieder.

Yn it klassemint is Weening op 2.09 op it 12e plak de bêste Nederlanner, Westra stiet 43e op 3.04 fan Brutt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)