Ynleveraksje Fersetsmuseum

It Fersetsmuseum siket guod út Twadde Wrâldoarloch
Minsken dy't noch guod út de Twadde Wrâldoarloch thús ha, kinne dat no tiisdei nei it Fersetsmuseum yn Ljouwert bringe. It giet dan bygelyks om foto's, films, brieven of deiboeken.
It Fersetsmuseum is benammen ynteressearre yn guod dat in relaasje hat mei Fryslân. Dat kin militêr guod wêze, mar ek guod út it ferset, fan Dútsers, fan kollaboraasje of fan de befrijing. Mooglik komme de saken dy't tiisdei brocht wurde yn it museum te stean of te lizzen.