SC Cambuur wol Meul hâlde

David Meul
Sportklup Cambuur is mei David Meul yn petear oer in langer ferbliuw yn Ljouwert. It kontrakt fan de keeper rint nei dit seizoen ôf. Meul is dwaande oan syn twadde seizoen by de Ljouwerters en hy stie de ôfrûne twa jier alle wedstriden ûnder de latte.
De Belch jout oan it tige nei it sin te hawwen by Cambuur. Syn saakwaarnimmer docht de earste petearen mei de kluplieding. Meul keepte earder ûnder oaren by Fortuna Sittard.