It Hearrenfean krijt park

27 apr 2011 - 18:05

It Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean wurdt in sintrumpark. Dizze simmer krijt de omlizzende hoareka de mooglikheid om om it park hinne terrassen te pleatsen. Ek sil it park sa no en dan brûkt wurde as bûtenpoadium.

Yn de winterperioade binne ek terassen mei sêres en skermen tastien. De kontoeren fan de ôfbaarnde Kruiskerk stean ek yn it park. Gemeente, hoareka en oare oanbelangjenden ha ôfspraken makke om it monumint te beskermjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)