Boalserter stedsboer stoarn

Stedsboer Corry de Groot fan Boalsert is tiisdei ferstoarn. Hy is 86 jier wurden. De Groot wie yn Boalsert in bekend persoan mar ek dêrbûten binne in soad minsken dy't him kenne. Hy hie in boerebedriuw midden yn Boalsert. Dêr hold er oant 2003 kij.
Hy wie ek fanatyk sportman. Fyftich kear hat er de fytsâlvestêdetocht riden. De lêste kear wylst ien fan syn knibbels fersliten wie. Freonen ha soarge dat De Groot oant syn dea yn syn eigen hûs wenjen bliuwe koe.