SWF wol minder huzen bouwe

27 apr 2011 - 16:48

De gemeente Súdwest Fryslân wol de kommende jierren minder huzen bouwe as oant no ta pland wie. Yn de besteande plannen oant 2016 steane 2000 nije huzen pland. Mar de gemeente wol dat tal moogllik flink nei ûnderen bystelle. Reden dêrfoar is de krisis yn de wenningbou, dêrtroch wol de gemeente mear ynstekke op kwaliteit en minder op kwantiteit.

Om hoefolle huzen minder it krekt giet moat yn it kommende healjier bepraat wurde mei de merkpartijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)