IFKS stelt kommisje yn

27 apr 2011 - 16:34

De IFKS hat in spesjale kommisje yn it libben roppen om de finansjele problemen binnen de IFKS op te lossen. Earder waard bekend dat de IFKS hast fallyt is. De kommisje sil de kas wer op oarder bringe.

Dêrneist is it ledejild omheech gien, binne nije sponsors fûn en komt der in businessclub. Ek freget de IFKS minsken om donateur te wurden. Foar de langere termyn binne der noch mear sponsors nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)