Al 120 reaksjes op taalwet

Minister Donner fan ynlânske saken
It ministearje fan ynlânske saken hat op www.internetconsultatie.nl al 120 reaksjes ûntfongen op de Wet gebrûk Fryske taal fan minister Donner. Op ynternet kin noch oant en mei freed 29 april op de taalwet reagearre wurde.
Fan de 120 reaksjes binne mear as 70 reaksjes iepenbier. De reaksjes rinne bot útinoar fan tige posityf oant ôfwizend. Der binne ek reaksjes by fan Fryske organisaasjes as AFUK en Cedin. Ald-deputearre Bertus Mulder is yn syn reaksje posityf oer de taalwet.