Kritejild foar grêf Eisinga

Eisinga leit by d'Alde Wite yn Dronryp begroeven
De Fryske Kriten - de ferienings fan Friezen om utens - wrakselje mei in weromrinnend tal leden en it finen fan bestjoersleden. Reden foar Fryske Krite 'It Pompeblêd' yn It Gooi om der nei 90 jier mei op te hâlden. Se hawwe noch wol wat jild op de bank en dêr moast in gaadlike bestimming foar fûn wurde.
Dy bestimming is fûn yn Pleatslik Belang Dronryp dy't it jild brûke moat foar it opknappen fan it grêf fan Eise Eisinga op it Rypster hôf.