Spoeddebat oer feartsjinsten

27 apr 2011 - 08:50

CDA Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe sil woansdei in spoeddebat oanfreegje oer de berjochten dat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat priisôfspraken makke hat mei rederij Doeksen. Dat stie woansdei yn De Telegraaf. Neffens de krante hawwe de partijen jierrenlang de prizen foar oertochten tusken Harns en Flylân en Skylge keunstmjittich heech hâlden.

It heechhâlden fan de prizen wie bedoeld om nijkommers lykas bygelyks de EVT te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)