Fryske silers yn 'e top

27 apr 2011 - 00:43
  • Roelof Bouwmeester (foto: Thom Touw)
  • Pieter-Jan Postma (argyffoto)

De trije Fryske silers dy't no trije dagen sile yn Hyères by it wrâldbekersilen dogge it poerbêst. Mei licht waar sylde Marit Bouwmeester nei in twadde plak yn de Laser radial. Yn de tuskenstân stiet de sylster út Warten op it tredde plak. Broer Roelof Bouwmeester waard yn de Laser njoggende en stiet op it sechsde plak yn it klassemint.

Pieter-Jan Postma helle yn de Finn in fjirde en achtste plak. Achter fenomeen Ben Ainslie is er no twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)