Lieuwe en Pieter yn Romandië

27 apr 2011 - 00:23

Lieuwe Westra en Pieter Weening, de beide Fryske profhurdfytsers, binne tiisdeitejûn begûn oan de Ronde fan Romandië. Yn de koarte prolooch fan 3,5 kilometer waard Lieuwe Westra 16e en Pieter Weening 39ste. Foar tiidrider Westra wie de prolooch fierstente koart. De oerwinning wie ferrassend foar de Spanjert Jonathan Castroviejo yn 3 minuten en 40 tellen.

Westra wie seis sekonden stadiger, Weening die der njoggen tellen langer oer. De Ronde einiget op 1 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)